It kin hast net oars.
Alle wiken is der wol in oanlieding om blommen te krijen of te jaan. Snijblommen. Oft it no om in jierdei giet of in begraffenis, in al of net slagge optreden of in eksamen, in prestaasje of samar in besite, altyd komt ien de keamer yn mei in bosk kleurich grien yn ‘e hannen. En alle kearen wurdt der ferwachte dat men dan in faas opsiket en wakker beart fan ‘e kleurepracht.
No nee, ik net mear. Dat bosk snijblommen is eins in treurich ôfskie, alle dagen wer, fan wat sa nuvere graach libje wolle soe. Men sjocht it oan ‘e stâlen, de bledsjes en de blommekroanen. It kin in wike duorje, fjirtjin dagen byneed, mar dan is it oer. Dan moatte se fuortsmiten wurde, soms foar in bedrach fan in tsientsje of mear.
En wêrhinne dan? Leaver net op ‘e kompostbulte, want dy kringen sitte fol fergif. As men dat alle wiken op ‘e kompostbulte ferrotsje lit, stjerre dêrûnder de larfkes en garret men fergif op. Ynsektisiden. Mikrogram foar mikrogram, op ’t lêst grammen en ûnzen. En dat komt aanst oer de tún. Dêr wurdt men ûnfruchtber fan, men kriget ereksjesteuringen, faginale drûchte, kanker, Parkinson of in oare aaklike sykte dêr’t men nei in soad lijen dea oan giet. En dat allegear om’t it sa goed bedoeld is.
Der binne ek wol langer libjende keamerplanten te keap om te krijen en wei te jaan. Dêr sit ek wol wat fergif yn en op, mar dat hoecht men ornaris net oer de tún te struien. De redizen wurde sûnder dat guod ek wol grutter. En de ieltsjes dy’t de redizen oanfrette, of de woartels, geane dêr dus net fan dea. En wy ek net.
Der binne sels planten te krijen dy’t de lucht yn ‘e keamer suverje. Dêr’t men sûner fan wurdt. Dy’t jin helpe om sûnder folle krupsjes âld te wurden. Dy’t men graach kriget of jout. It túnsintrum, dat aanst hieltyd minder snijblommen ferkeapet, wit wol hokker. It kostet wat mear, mar dan hat men ek wat.
Leaver gjin snijblommen foar my dus, ek net as ik aanst foar ivich langút lis. En wat men mei dy moaie planten kin, of bollen foar yn ‘e tún, dêr komme wy noch wol oer te praat.
Klaas Jansma