Uitgeverij Triage - Ons Aanbod
Uitgeverij Triage - Ons Aanbod

Ons Aanbod

Us oanbod

Yn 2021 ferskynde ús wurkje It Libben Wint, fan Justus von Liebig oant Theo Mulder. Dit ryk yllustrearre boekje omfettet 64 pagina’s, wêryn’t benammen yngien wurdt op de rol fan Justus von Liebig as útfiner fan de gemyske wittenskip, en dy fan Theo Mulder as stimulator fan natuerlik libben yn ‘e lânbou. Der binne noch inkelde eksimplaren te keap foar € 12,90.

Yn maaie 2023 ferskynt Sâlt en bonken. Dit is tagelyk ek Diel 1 fan ‘e Trilogy ‘It Lytse Libben’. It befettet in earste refleksje op de wearde fan bonkemoal yn ‘e lânbou, nei oanlieding fan in brief fan de Noarger rún yn ‘e Rimen & Teltsjes. It 160 siden tellende boek befettet in analyse fan it bibelpart Lukas 14:34 en 35 oer sâlt yn ‘e rûchskerne en in oersicht fan de ûntjouwing fan ‘e lânbou 3900 jier lyn. Soft cover. Rynsk yllustrearre. As E-boek te krijen foar € 9,90.

Yn septimber 2023 ferskynt fan Klaas Jansma De Noarger rún en de Halbertsma’s. Hjir stiet it brief fan De Noarger rún oan Gabe, skreaun fan ‘e moanne en opnommen yn  ‘e Rimen & Teltsjes, sintraal. It giet oer de wearde fan bonken as dongstof om 1820 hinne, it dokterjen yn ‘e njoggentjinde iuw, de fersinnen fan Joast Hiddes Halbertsma en de striid tsjin de kreamfrouljuskoarts. Soft cover, rynsk yllustrearre. As E-boek te krijen foar € 9,90.

Yn maaie 2024 ferskynt fan Klaas Jansma It Lytse Libben, oer baktearjes en oar lytsguod dat ús libben bepaalt, en oer it oparbeidzjen tusken ûnderskate libbensfoarmen. Apart as E-boek te krijen foar € 9,90.

N.B. By foldwaande belangstelling sil der nei 1 maaie 2024 in komplete trilogy It Lytse Libben ferskine, in boek mei hard cover fan 480 siden mei goed 120 yllústraasjes. Jo kinne dêr fanôf no op ynskriuwe foar € 42,-. Nei ferskining kostet it boek € 49,-. In Nederlânske oersetting sil der nei alle gedachten net fan makke wurde, in Ingelske mooglik wol. Stjoer foar reservearring in mail nei saskia@uitgeverijtriage.nl.

© Copyright 2024 - Uitgeverij Triage
Realisatie: